Foarearst gjin Sintrale As

25 nov 2010 - 14:06

De Sintrale As mei foarearst net oanlein wurde. Dat hat de Ried fan Steat tongersdei útsprutsen. De needsaak fan de oanlis fan de dyk kin net oantoand wurde, seit de Ried. It provinsjaal ynpassingsplan foar de dyk is skorst troch de Ried.

Op grûn fan de ferkearsprognoazes en befolkingssifers, is der twivel oer de needsaak fan de nije dyk. Dêrom is it neffens de heechste rjochter ek net needsaaklik om wichtich greidefûgel-gebiet noardlik Garyp op te offerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)