Foarearst gjin saak Talma

30 jun 2011 - 15:33
  • Meindert Talma mei 'De Zee Roept' op Oerol (foto: Omrop Fryslân)

Evert Hoedemaker út Drachten sjocht foarearst ôf fan juridyske stappen tsjin platemaatskippij Excelsior. Dy jout de cd De Zee Roept fan Meindert Talma út. Dêr stean audiofragminten op mei Hoedemaker syn heit. Talma hat dêr gjin tastimming foar krige fan Hoedemaker.

Excelsior hat tasein gjin nije cd's mear te meitsjen fan De Zee Roept. Boppedat wol de maatskippij de cd's dy't no yn de winkels lizze weromhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)