Foarearst gjin reorganisaasje gemeente Smellingerlân

08 okt 2015 - 15:02
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Smellingerlân set de reorganisaasje fan it gemeentlik apparaat foarearst op in sêft sin. Der is te min betrouwen dat it allegearre goed komt, ûnder oare by de ûndernimmingsried.

Twa jier lyn makke in groep amtners melding fan yntimidaasje op de wurkflier. Ut ûndersyk die dêrnei bliken dat amtners ûntefreden wiene oer guon liedingjaanden. Sûnt dy tiid besiket de gemeente Smellingerlân de sfear op it gemeentehûs yn Drachten te ferbetterjen. Fanwege it gebrek oan fertrouwen moat no earst útmakke wurde hoe no fierder.

Hoewol't no wurke wurdt oan ferbettering, is noch altiten in groep fan it personeel ûntefreden oer de oanpak. Dêrom dogge se no eefkes neat om nei te tinken oer de fierdere oanpak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)