Foarearst gjin nijbou Wetterskip

11 maaie 2005 - 15:10

Wetterskip Fryslân set de plannen foar de nijbou fan distriktskantoaren yn Dokkum, Drachten en De Jouwer foarearst op in sêft sin. Dat jildt ek foar de ferbou fan it haadkantoar yn Ljouwert.

De bouplannen waarden makke fanwege de reorganisaasje fan de Fryske wetter- skippen yn jannewaris 2004. Doe ûntstie der ien grut wetterskip troch in fúzje fan de fiif boezemwetterskippen mei it Wetterskip Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)