Foarearst gjin militêre drones op fleanbasis Ljouwert

28 okt 2015 - 21:54
  • De MQ-9 Reaper

Op fleanbasis Ljouwert komme foarearst noch gjin militêre drones. Yn 2017 soene fjouwer ûnbemanne Reaper-fleantúchjes nei Ljouwert komme, mar dat is mei sân jier fertrage. It is de bedoeling dat der in spesjale militêre ienheid mei 100 meiwurkers foarme wurdt foar de ynset fan de drones.

De ûnbemanne fleantugen soene ek ynset wurde kinne foar sivile taken, sa as bygelyks dykbewekking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)