Foarearst gjin Fryske beurs

19 feb 2003 - 00:00

De NHL mei woansdei net begjinne mei it projekt Frisian Stock Exchange. It learprojekt fan twa ekonomyske opliedingen fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert is in soarte fan effektebeurs.

De NHL hat mei de tafersjochhâlder op de beurzen oerlein om't it projekt oan wetlike regels foldwaan moat. Ut dat petear waard dúdlik dat der ûntheffing jûn wurde moat foar't de goed hûndert studinten mei de beurs begjinne kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)