Foarearst gjin Alvestêdetocht

08 feb 2012 - 20:05

De 22 rayonhaden en it Alvestêdebestjoer ha woansdei unanym besletten dat it iis te tin is foar it útskriuwen fan in Alvestêdetocht. Boppedat is it iis op guon plakken te min fan kwaliteit. Ek de waarsferwachting is net goed, sa sei foarsitter Wiebe Wieling. "Dêrom is ús unanime beslút: it kin net."

It wie in dreech beslút, sa sei Wieling, want der is de lêste dagen hurd wurke oan it ferbetterjen fan de rûte. Wy wolle hiel graach, mar feiligens stiet foar ús foarop.

De 22 rayonhaden komme foarearst net wer byinoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)