Foarearst gjin akwadukt Lemmer

06 des 2006 - 11:44

De kommende njoggen jier wurdt de ferkearsoerlêst op de rûnwei by De Lemmer net oanpakt. Ut in stúdzje docht bliken dat in akwadukt op it plak fan de Sylroedebrêge de beste oplossing is. Mar de provinsje hat dêr earst nei 2015 jild foar.

De provinsje en de gemeente Lemsterlân binne it al langere tiid ûniens oer de oanpak fan de rûnwei. De gemeente wol in nij akwadukt, de provinsje wol foarearst de brêge ferheegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)