Foardrage op gedichtedei

30 des 2007 - 13:04
  • Jelle Bangma liedt de jûn

De biblioteek op It Hearrenfean biedt minsken op tongersdei 31 jannewaris de kâns om har moaiste gedicht foar te lêzen of foar te dragen. It is dy dei nasjonale gedichtedei. It kin in selsmakke gedicht wêze of in gedicht út in boek, krante of tiidskrift.

De taal dêr't yn foardroegen wurdt, is nei eigen foarkar. It foarlêzen of foardragen fan gedichten wurdt ôfwiksele mei muzyk. Jelle Bangma, Frysk skriuwer, liedt de jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)