Foardracht Waadsee yn gefaar

14 jan 2008 - 23:57

De kâns dat de Waadsee opnommen wurdt op de Wrâlderfguodlist fan UNESCO komt yn gefaar no't de Dútske dielsteat Hamburch tsjin de nominaasje is. Hamburch is benaud dat de útdjipping fan fargeul yn 'e riviermûning fan 'e Elbe yn gefaar komt as de Waadsee de beskerme status krijt.

It Nederlânske kabinet hie ferline moanne besletten ta de foardracht foar de Wrâlderfguodlist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)