Foardracht boargemaster lekt út

28 nov 2003 - 00:00

Wethâlder Dales (VVD) fan Amsterdam soe de nije boargemaster wurde fan Ljouwert. Dat meldt de site liwwadders.nl en is befêstige troch bronnen by de VVD. De namme fan Dales is nei bûten lekt wylst de proseduere foar de beneaming fan de nije boargemaster noch net iens dien is.

It nijs fan de kandidaat soarge foar lichte panyk by de gemeente Ljouwert. De foardracht fan de nije boargemaster is ferskood fan 15 nei 5 desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)