Foarbygongers rêde man (75) mei scootmobyl út fiver

13 jul 2015 - 10:23

In 75-jierrige Drachtster is ôfrûne wykein mei syn scootmobyl te wetter rekke yn syn wenplak. In foarbygonger hat it slachtoffer út it wetter helle.

De Drachtster gie mei de frou in blokje om, doe't hy troch noch ûnbekende oarsaak yn in fiver oan de Fabriciusleanne ried. De man rekke beknypt ûnder syn skootmobyl en koe noch mar krekt de holle boppe wetter hâlde. Syn frou rôp om help. In fytser is doe it wetter yndûkt. Hy hat it slachtoffer tegearre mei in buertbewenner út it wetter helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)