Foarbygongers pakke messelûker

09 sep 2001 - 00:00

Foarbygongers ha sneintemoarn in man oanholden dy't fertocht wurdt fan in stekpartij. De fertochte hie in frou in tal kearen stutsen yn hals en nekke.

In tsjûge seach dat de fertochte op in gegeven stuit útnaaide. Hy woe him tsjinhâlde mar waard bedrige. De tsjûge rôp dêrop twa oare foarbygongers. Sy koene de fertochte pakke. De frou is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)