Foararrest saak-Haanstra

24 nov 2011 - 10:45

De rjochtbank yn Ljouwert hat it foararrest fan ien fan de trije fertochten yn de saak fan de fermoarde Hannie Haanstra út Drachten wer mei tritich dagen ferlingd. It giet om in 16-jierrige fertochte út Drachten. De twa oare fertochte doarpsgenoaten fan 19 en 37 jier hiene yn oktober al sechstich dagen hechtenis krige.

De 48-jierrige Hannie Haanstra waard begjin septimber by syn hûs swier mishannele. Hy ferstoar letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings. Healwei desimber is der in pro-forma-sitting oer de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)