Foararrest fan deaslach fertochte Harnzer opnij ferlingd

10 sep 2015 - 13:52
  • Plysjesel

De 35-jierrige man dy't fêstsit fanwegen de dea fan de 58-jierrige Piet Lichtendahl út Kimswert, wurdt 90 dagen langer fêsthâlden. Dat hat de rjochtbank bepaald.

De Harnzer wurdt fertocht fan deaslach op Lichtendahl. Hy joech mei de Fiskerijdagen yn Harns Lichtendahl in hurde klap yn it gesicht, wêrnei't dy foel. De oare deis is Lichtendahl ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)