Foararrest fan deaslach fertochte Harnzer ferlingd

31 aug 2015 - 15:54
  • Fiskerijdagen yn Harns

De man dy't fêstsit fanwege de dea fan de 58-jierrige Piet Lichtendahl út Kimswert, wurdt fjirtjin dagen langer fêsthâlden. De 35-jierrige Harnzer is moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

De Harnzer wurdt beskuldige fan deaslach. Hy joech tongersdeitejûn yn in kroech Lichtendahl in hurde klap yn it gesicht, wêrnei't dy foel. De oare deis is er ferstoarn. Sneontejûn is op de Fiskerijdagen yn Harns in minút stilte hâlden foar it slachtoffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)