Foaral hynders yn hynstesintrum

12 jan 2006 - 10:33

It Frysk kongres- en evenemintesintrum yn Drachten mei tolve kear yn it jier aktiviteiten organisearje dy't neat te krijen ha mei hynders. Dat hat it kolleezje fan B en W fan Smellingerlân besletten.

Neffens it kolleezje blykt út ûndersyk dat ek mei allinnich hynstesport de hal rendabel wêze kin. De direksje fan it sintrum seit fan net. Dy woe mear aktiviteiten organisearje dy't neat te krijen ha mei de hippyske sport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)