Foar tûzenen euro's stellen

24 apr 2007 - 11:04

By in ynbraak yn in bedriuw oan it Bakboard yn Drachten is dit wykein foar tûzenen euro's stellen. De dieven hawwe in doar fernield en binne útnaaid mei in rubberboat, in tal bûtenboardmotoaren, in aggregaat en ark.

Omdat der in soad guod stellen is, tinkt de plysje dat de dieven in auto of miskien in bestelbuske brûkt hawwe. De stellerij hat plakfûn tusken sneontemiddei en moandeitemoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)