Foar snein dúdlikens Thialf

22 jul 2013 - 16:01
  • Thialf, It Hearrenfean

Foar snein is dúdlik hokker iishal de topsportstatus kriget. De KNSB en NOC*NSF hawwe it fonnis moandei ûndertekene. Dat betsjut dat se fan no ôf fiif dagen de tiid hawwe in beslút te nimmen. Freed stelde de rjochter Icedôme yn Almere yn it gelyk. Dy hie easke dat der gau in knoop trochhakt wurdt oer de topsportstatus.

De beide bûnen woene leaver noch langer ûndersyk dwaan en pas yn septimber in kar meitsje tusken Thialf, Almere en it inisjatyf yn Zoetermeer. Neffens de rjochter is dat tsjin de eardere ôfspraken yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)