Foar it earst yn de skiednis Gysbert Japicxpriis foar E-boek

06 okt 2015 - 15:40
  • It stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert

De winner fan de Gysbert Japicx-proazapriis fan dit jier, Koos Tiemersma, is de earste dy't dy priis wint foar in boek dat allinnich as E-boek te krijen is. Ek foar Nederlânske begrippen is dat unyk.

Tiemersma hat fiif jier lyn besletten om syn wurk allinnich yn digitale foarm út te jaan. No't er dizze priis krijt sil it boek "Einum" dochs ek op papier ferskine. De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis is no sneon yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)