Foar it earst eilânfiifdaachse

10 maaie 2010 - 12:18

Foar it earst kin der dit jier yn fiif dagen op alle Waadeilannen oer it strân rûn wurde. Op snein 8 augustus farre seis skippen fan de brune float mei 140 kuierders nei Texel. Op de dagen dêrnei folgje Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach.

De eilânfiifdaachse slút oan by de kuiertochten oer de strannen yn Seelân en Noard-Hollân. Sa kin der no by de hiele Nederlânske kust lânsrûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)