Foar in euro nei Grins of Assen

03 aug 2006 - 15:25

Reizgers dy't mei de bussen fan Arriva nei Grins of Assen wolle, kinne der foar in euro hinne. Se moatte dan wol yn Drachten of Easterwâlde opstappe op lijn 85 of 16. Yn oare bussen dy't Grins of Assen as bestimming ha, jildt dy priis net.

It foardielige riden is ûnderdiel fan de euro-aksje fan Arriva. Minsken kinne dizze simmer foar in euro mei de bus troch hiel Fryslân reizgje. 30.000 minsken ha dat al dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)