Foar dea ferklearre man libbet

18 aug 2003 - 00:00

In flater fan 'e plysje by in identifikaasje hat laat ta in rou-advertinsje dy't letter wer ynlutsen is. It giet om in man dy't op 10 augustus dea oantroffen wie nei in sprong fan in flat yn Snits.

De plysje herkende it slachtoffer en brocht de famylje op 'e hichte. Dy setten dêrop in advertinsje yn 'e krante. Flak foar de begraffenis kamen se derachter dat de deade net harren heit wie. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)