Foar 50.000 gûne stellen

09 des 2000 - 15:24

Mei de oanhâlding fan in frou (37) út Boalsert en in man (46) út Burgum hat de plysje fan Snits in grutte fangst dien. De twa, ôfkomstich út Iran, wurde der fan fertocht yn de ôfrûne twa jier foar mear as 50.000 gûne stellen te hawwen.

De plysje fertinkt de dieven ek fan it helen fan guod. De fertochten ha net bekend. Se binne frijlitten en ferskine meikoarten foar de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)