Foar 1 euro nei de keapjûn

26 nov 2007 - 20:22

Foar ien euro mei de bus nei de keapjûn yn Hearrenfean, Drachten en Ljouwert. Ferfiersbedriuw Arriva begjint dizze wike mei in proef mei dizze eurokaartsjes. Oant ein maaie kinne reizgers op tongersdei en freed nei seis oere foar 1 euro mei de bus nei de stêd.

It kin allinne op buslijnen 10, 13, 14, 310 en 320. It eurokaartsje is jildich foar ien rit en is dus gjin retûrkaartsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)