FNV: ynspeksje moat kontrolearje

21 jul 2004 - 11:36

De arbeidynspeksje moat metaalbedriuwen yn it Noarden stranger kontrolearje. Dat seit fakbûnsbestjoerder Lutje fan FNV-Bondgenoten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat metaalbedriuwen net goed tinke om de feilichheid fan har wurknimmers. Fan de 70 ûndersochte bedriuwen hienen mar sân bedriuwen de boel op oarder.

Lutje is net ferrast troch dy útkomst. Bûnen en wurkjouwers koenen it ferline jier net iens wurde oer ferbettering fan de arbeidsomstannichheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)