FNV wol dúdlikens oer Volharding

22 aug 2002 - 00:00

Fakbûn FNV wol fan skipsbouwer Volharding mear dúdlikens ha oer de takomst fan it bedriuw. Omdat it net goed giet mei de skipsbou yn ús lân, kundige Volharding tongersdei oan 30 fan de 130 banen op har skipswerf yn it Grinzer Foxhol te skrassen.

Volharding is ek eigner fan Frisian Shipyard Welgelegen yn Harns. Dêr sille ynkoarten noch twa skippen ôfboud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)