FNV tsjin prepack-fallisemint

14 feb 2014 - 12:35
  • Boubedriuw VDM is dwaande mei in trochstart

Fakbûn FNV docht ûndersyk nei fallite bedriuwen dy't mooglik de saneamde 'prepack-konstruksje' brûkt hawwe. Dêrby wurdt foardat de rjochter it fallisemint útsprekt al mei in bewâldfierder in oernimmende partij fûn. Dy nimt nei de útspraak fan de rjochter de fallite ûndernimming skuldefrij oer, en wurknimmers ferlieze al har opboude rjochten, lykas fakânsjejild en opboude taslaggen.

Neffens it FNV is ûnder oare by de falliseminten fan garnalebedriuw Heiploeg en boubedriuw VDM dizze konstruksje brûkt. Dy is formeel net ferbean.

De fallisemintswet jout romte foar sokke konstruksjes. It FNV wol dat de wet sa oanpast wurdt dat de saneamde 'prepack-falliseminten' ferbean wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)