FNV tsjin besunigingen

13 sep 2003 - 00:00

De fakbûnen komme mooglik mei hurde aksjes tsjin de besunigingen fan it regear. Dat sei FNV-foarsitter De Waal sneon op de manifestaasje fan it fakbûn yn Grins. Dêr wienen goed tûzen minsken om te protestearjen tsjin de plannen fan it kabinet.

Deputearre Mulder wie ek yn Grins. Hy hat de minsken taspruten oer de gefolgen fan it kabinetsbelied foar it Noarden, benammen at it om de wurkgelegenheid giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)