FNV teloarsteld oer reaksje provinsje misstân yn bou

17 jun 2015 - 10:20

It fakbûn FNV is teloarsteld dat de provinsje neat docht oan de wichtstichste misstân by de oanlis fan de Sintrale As en it akwadukt yn de Drachtsterwei. De útstjoerburo's soene neffens it fakbûn de húsfestings- en reiskosten foar bûtenlânske meiwurkers betelje moatte, mar se lûke dy kosten krekt fan it lean ôf.

De provinsje docht hjir neat oan. It fakbûn wol dat dat feroaret, oars geane se nei de rjochter. In eigen ûndersyk fan de provinsje befêstige tiisdei wat de bûnen earder al seinen, dat de bûtenlânske meiwurkers ûnderbetelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)