FNV skokt troch Skarsterlân

07 maaie 2013 - 11:39

FNV Bouw is ferbjustere oer it gemak wêrmei't Skarsterlân pleatslike ûndernimmers bûten spul set. It giet net allinnich om de bou fan de brede skoalle De Jouwer Súd, mar neffens de FNV wurdt deselde trúk úthelle by de bou fan in sporthal. Beide projekten wurde útfierd troch ûndernimmers út Schiedam en Tilburg en dat kostet de regio tûzenen manoeren wurk, seit de FNV.

Fryske ûndernimmers komme der net oan te pas omdat de gemeente te hege easken stelt. De rekkenkeamer en fakbûn FNV Bouw ha grutte krityk op de proseduere fan Skarsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)