FNV praat mei Jorritsma Bouw

25 feb 2014 - 21:12
  • Jorritsma Bou

It fakbûn FNV praat takom wike mei har leden oer de ûntslaggen by Jorritsma Bouw yn Boalsert. Op dizze gearkomst wurdt ûnder oaren besjoen wat de betingsten wurde foar in sosjaal plan.

Tiisdei waard bekend dat Jorritsma Bouw 30 minsken, benammen timmerlju, dien jûn hat. Der is neffens it boubedriuw net genôch wurk mear. It bedriuw is finansjeel wol sûn.

By it boubedriuw wurkje yn totaal in lytse 230 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)