FNV organisearret byienkomst foar personiel Cofely Noord

30 des 2015 - 11:38

Begjin jannewaris wurdt neffens it fakbûn FNV bekend hoefolle minsken har baan ferlieze by de Fryske fêstiging yn Ljouwert fan ynstallaasjebedriuw Cofely Noord. It bedriuw wol rom 120 fan de 850 banen skrasse. Yn mear as sechstich gefallen giet it om in twongen ûntslach. Yn Ljouwert wurkje sa'n sechstich minsken. 

It FNV wol mear dúdlikens fan it bedriuw oft de twongen ûntslaggen wol echt nedich binne. It fakbûn organisearret op 12 jannewaris in ynformaasjebyienkomst yn Ljouwert foar de personielsleden fan de Fryske fêstiging.

De direksje fan Cofely Noord hat de ôfrûne moannen tsjin de FNV sein dat de ûntslaggen needsaaklik binne. Sa soene ferliezen opfongen wurde kinne, dy't ûntstien binne troch minder opdrachten fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM). De NAM hat te krijen mei dalende gas- en oaljeprizen, en mei produksjebeheinings troch de ierdbevingen yn Grinslân. 

It fakbûn is skrokken fan it nijs oer it skrassen fan de banen, om't de problematyk rûn ierdbevingen al jierren bekend is yn Noard-Nederlân. De measte fêstigings fan Cofely Noord steane yn Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)