FNV-meldpunt foar sjauffeurs

30 jul 2014 - 20:39
  • Logo FNV Bondgenoten

Fakbûn FNV Bondgenoten iepenet in meldpunt foar sjauffeurs yn it iepenbier ferfier dy't har baan kwytreitsje, no't gemeenten kieze foar frijwilligers of minsken yn de bystân.

Hieltyd faker wurde sjauffeurs ûntslein om't gemeenten wurkleaze jongeren mei behâld fan útkearing wurkûnderfining opdwaan litte yn bygelyks taksybuskes. Ek wurde der mear en mear frijwilligers ynset op dit soart buskes. It meldpunt hat ta doel yn kaart te bringen hoe grut it probleem krekt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)