FNV Handel ropt leden by V&D-winkels byinoar

26 jan 2015 - 15:04
  • V&D yn Ljouwert

FNV Handel organisearret moandeitejûn yn Grins in byienkomst foar leden dy't by de V&D-festigings yn Ljouwert, Grins en Assen wurkje. It fakbûn wol fan de leden witte wat se fan de earder oankundige salarisferleging fan hast seis persint fine en fan it foarnimmen om banen te skrassen.

V&D sit yn grutte finansjele problemen omdat it bedriuw dreech konkurreare kin mei goedkeapere winkels en bot lêst hat fan webwinkels. V&D hat dêrom eigeners fan winkelpannen om hierferleging frege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)