FNV ferliest slachterijsaak

22 sep 2008 - 17:51

Fakbûn FNV hat de rjochtsaak tsjin Friesland Vlees ferlern. It fakbûn frege de rjochtbank yn Amsterdam ferline wike om in kommissaris te beneamen sadat ek oare gadingmakkers noch in kâns krije soene om it bedriuw troch te setten.

De rjochter fynt lykwols dat eigner Wildeboer alles dien hat wat nedich wie om de wurkgelegenheid te behâlden. It FNV hie hope op in mooglike oername troch de Deenske fleisferwurker Skare. Dy opsje liket no fan 'e baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)