FNV-buro foar kontrôle CAO

25 nov 2013 - 13:06
  • Wurk yn de bou

It fakbûn FNV wol takom jier in spesjaal buro oprjochtsje om te kontrolearjen oft wurkjouwers harren wol oan de CAO hâlde. It buro is nedich, omdat de CAO yn ferskate bedriuwstakken net neilibbe wurdt. Dat wurdt hieltyd slimmer. Benammen de krisis soarget derfoar dat wurkjouwers harren net oan de regels hâlde.

It giet benammen om bedriuwen yn de bou, de ynstallaasjesektor en ferfiers- en transportbedriuwen. Jongerein, binnen- en bûtenlânske útstjoerkrêften binne de grutste slachtoffers.

Neist finansjele skea foar de wurknimmers sels, soarget it neikommen fan de CAO-ôfspraken ek foar ûnearlike konkurrinsje. It fakbûn kin wurkjouwers oanpakke troch in koart pleit oan te spannen of it bedriuw in foardering op te lizzen, sa lit fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk fan it FNV witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)