FNV bliid mei harmoanikabussen

21 sep 2007 - 12:09
  • Der komme 10 harmoanikabussen by

Fakbûn FNV is bliid mei de maatregel fan ferfiersbedriuw Connexxion om 10 ekstra harmoanikabussen yn te setten yn it streekferfier út Ljouwert wei. Connexxion nimt dy maatregel nei oanlieding fan klachten fan sjauffeurs dy't mei de nije Frysker-bussen ride.

Neffens de sjauffers binne de bussen fierstente lyts om elkenien yn de spits mei te nimmen. Op 3 oktober hat it fakbûn in petear mei Connexxion oer de problemen mei de Frysker-bussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)