FNV-aksje by Kooistra's Klean

02 mrt 2012 - 12:36
  • Logo FNV Bondgenoten

Eigener Sienema fan it Fryske Kooistra's Kledinghuis hat besocht de FNV-aksje fan freedtemiddei yn Appingedam te ferbieden. It fakbûn demonstrearret tsjin it ûntslach fan acht wurknimmers fan de festigingen yn Appingedam en Winschoten.

Neffens it fakbûn is dat omdat se lid binne fan it fakbûn en in petysje ûndertekene hawwe dêr't yn stiet dat Kooistra him oan de CAO hâlde moat. De eigener fan it kleanbedriuw ûntkent dat. Hy seit dat de saken sletten wurde en dat de minsken dêrom dien krigen hawwe.

Sienema hat besocht de aksje fan freedtemiddei tsjin te hâlden, mar dat is net slagge. Beide partijen wolle ynkoarten wol mei-elkoar om tafel om oer it skeel te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)