FNP:regio Ljouwert op LinkedIn

04 mrt 2013 - 17:14

De FNP wol dat de regio Ljouwert in eigen twatalige fermelding krijt op de sosjale netwurksite LinkedIn. Dat is fan belang foar saken lykas de Kulturele Haadstêd, de kulturele meartalige identiteit fan de regio, toerisme, de arbeidsmerk, eksport en de posysje fan de Fryske haadstêd. Dat stelt de FNP-steatefraksje yn fragen oan it kolleezje fan deputearre steaten.

No komt der by it wenplak fan Fryske dielnimmers oan LinkedIn automatysk te stean 'Groningen area' of 'Almere area'.

De FNP wol witte wat de kritearia binne foar de geografyske oantsjuttings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)