FNP:gjin djoer nij gemeentehûs

10 okt 2010 - 16:57

De nije gemeente Súdwest-Fryslân moat gjin nij en djoer gemeentehûs krije fan 50 miljoen euro, seit de FNP yn de noch te foarmjen nije gemeente. Neffens de FNP kin besunige wurde op it tal fjouwerkante meters troch amtners thús wurkje te litten mei help fan nije technologyen.

Ek soene amtners de boargers opsykje moatte yn plak fan boargers nei it gemeentehûs te heljen. It plan foar in nij gebou, tsjûget neffens FNP'er Germ Gerbrandy fan 'âlderwetsk tinke'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)