FNP: 'Wymbrits net weryndiele'

11 feb 2008 - 11:59

De FNP yn Wymbritseradiel is tsjin weryndieling. De partij fynt dat de bestjoerskrêft fan de gemeente goed is. Dat stiet yn in manifest dat de FNP moandei útbrocht hat.

De fraksje wol net dat de ôfstân tusken polityk en ynwenners grutter wurdt. Ek binne se benaud foar hegere gemeentlike lesten en minder foarsjennings yn lytse doarpen. Takom wike praat de ried fan Wymbritseradiel oer it ûnderwerp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)