FNP wol wertelling stimmen

30 maaie 2003 - 00:00

De FNP hat by de Kiesraad in wertelling fan de stimmen foar de Earste Keamer oanfrege. Dat hat foarsitter Kramer fan de FNP tongersdei meidield. De regionale partijen keazen listlûker Zinken fan Partij Nieuw Limburg as fertsjintwurdiger fan de Onafhankelijke Senaatsfractie yn de Earste Keamer.

FNP-er Hindrik Ten Hoeve krige lykwols mear stimmen, mar die hiene minder gewicht. De FNP tinkt dat yn Noard- Hollân de útslach ferkeard trochjûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)