FNP wol ûndersyk nei trein

06 nov 2012 - 07:11

De steatefraksje fan de FNP wol dat it spoar dat fan Harns fia Grins nei Hamburg rint, better benut wurdt. Der moat ûndersocht wurde oft der in trochgeande ferbining mooglik is, fynt de partij. Neffens de FNP is dat goed foar toeristen dy't nei de Waadeilannen wolle en foar studinten yn Ljouwert en Grins.

Ek is it geunstich foar minsken dy't fia Bremen of Hamburg fleane wolle nei bestimmingen yn Europa. De FNP tsjinnet woansdei in moasje oer de kwestje yn by de steategearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)