FNP wol reiskosten skrasse

03 jan 2013 - 20:34
  • Logo gemeente Gaasterlân-Sleat

In moasje fan de FNP yn de gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat om de gemeentlike bydrage oan it skoalferfier fan saneamde 'signatuurleerlingen' te skrassen wurdt sa't it no liket oernommen troch de Twadde Keamer. De FNP fynt dat minsken dy't har bern nei it spesjale kristlike ûnderwiis yn Emmeloord of Kampen stjoere wolle dy reiskosten sels betelje moatte. Dat kostet Gaasterlân-Sleat no al gau in lytse 50.000 euro. De moasje is op fersyk fan de VVD yn de ried ek nei de Twadde Keamer stjoerd. Dêr ha de PvdA en VVD der fuort wurk fan makke.

Meikoarten praat de Twadde Keamer oer it skrassen fan de bydrage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)