FNP wol prate oer skoalle

18 mrt 2007 - 12:44

De FNP yn de gemeente Dantumadiel wol yn in rûne-tafel-petear prate oer basisskoalle De Tarissing yn Rinsuma- geast. De skoalle is ta oan in opknap- beurt, mar it is de fraach oft dat moat yn de foarm fan ferbou of nijbou.

It skoalbestjoer en de direksje wolle nijbou, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders kiest foar ferbou. De FNP wol no mei de polityk, de wethâlder, it skoalbestjoer en doarpsbelang om de tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)