FNP wol perfoarst yn kolleezje

20 mrt 2003 - 00:00

De FNP wol perfoarst meidwaan oan it nije kolleezje fan deputearre steaten. Dat hat listlûker Johannes Kramer tongersdei yn de steaten witte litten by de earste oanset ta kolleezje- ûnderhannelings.

De sweeftrein rint as in reade tried troch de steaten hinne. De measte partijen binne fan miening dat it foar de FNP dreech wurdt om oan har stânpunt tsjin de sweeftrein fêst te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)