FNP wol nij doarpshûs

02 jun 2009 - 07:14

Noardburgum hat in nij doarpshûs nedich. Renovaasje is foar de FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel gjin opsje. De partij sil oantrune op nijbou by de behanneling fan de perspektyfnota yn de riedsgearkomste fan woansdei.

It doarpshûs foldocht net mear oan de easken. Ek moat der plak komme foar it pjutteboartersplak, it bernedeiferbliuw, de bûtenskoalse opfang, de jeugdsoos en de muzykferiening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)