FNP wol mear wethâlders

27 nov 2005 - 12:41

Der moatte nei de gemeentlike ferkiezings fan takom jier mear wethâlders fan de FNP komme. Dat sei foarsitter Cees van der Meulen freed op in ledengearkomste fan de Fryske Nasjonale Partij.

De FNP is no foaral in partij yn de opposysje, mei fyftich riedsleden en mar twa wethâlders. De Christen Unie hat yn Fryslân 26 riedsleden en seis wethâlders. Van der Meulen is tefreden at der fiif wethâlders binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)