FNP wol legere drompels

03 nov 2013 - 13:47
  • It nije oerstekplak yn Jobbegea

Yn de gemeente Hearrenfean binne de ferkearsdrompels yn de diken te heech. Boppedat wurdt der net op tiid warskôge foar drompels. Neffens de FNP-fraksje fan Hearrenfean komme der in soad klachten fan ynwenners. De FNP wiist der op dat it ek oars kin. By in skoalle oan de Gordyksterwei yn Jobbegea hat de provinsje drompels oanbrocht nei Deensk model: mei opfallende kleuren en markearings oan de kant fan de dyk.

De FNP sil der yn de nije gemeenteried foar pleitsje om dizze oanpak ek troch te fieren by it gemeentelik ferkearsbelied.

Ek de PvdA pleite earder al foar in oare oanpak fan de ferkearsdrompels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)